Auteursrjocht: Fan wa is jo logo?
De makker fan in grafysk ûntwerp hat neffens de Auteurswet 1912 it auteursrjocht hjirop. Deen Design wurket mei eksklusive lisinsjes foar de opdrachtjouwer, sadat dizze sûnder problemen it ûntwerp foar de oerienkommen tapassing brûke kin. Ek is it mooglik it auteursrjocht fan in ûntwerp te keapjen. Yn dat lêste gefal hoecht der net hieltyd tastimming frege te wurden oan de makker by gebrûk fan it ûntwerp yn foar in tapassing. It yntellektuele eigendom bliuwt altyd by de makker, dit rjocht is neffens de wet ûnferfrjemdber.
Mear ynformaasje oer auteursrjocht is te finen yn de algemiene betingsten fan de BNO, artikel 4. ‘Rechten van intellectuele eigendom en eigendomsrechten’.
BNO Deen Design is oansletten by de Beroepsorganisatie Nederlandse Ontwerpers (BNO) en hannelet konform de algemiene betingsten die opsteld binne troch dizze organisaasje. De algemiene betingsten kinne jo hjir downloade (pdf-dokumint). Sy wurde ek standert mei alle offertes tastjoerd.
*Jeroen Deen / Deen Design - Sneek:
bureau foar grafysk ûntwerp, illustraasje, multimedia en webdesign
Duizendblad 27 - 8607 EC Snits - tel 06-51643940 of 0515-423202 - info@deendesign.nl